Alve nije koarte films oer it Waad yn premjêre

12 jul 2018 - 20:29

Alve teams fan filmmakkers en artysten binne twa wiken lyn it Waad op gien foar it meitsjen fan alve koarte films oer it gebiet.

De films binne ien minút lang en hawwe in bysûnder formaat. Se binne net breedbyld, sa as de measte films, mar binne fjouwerkant. Reden hjirfoar is dat se publisearre wurde op Instagram. De films binne makke yn it wykein fan de Dag van het Wad op 30 juny en 1 july.

De filmjende teams krigen in budzjet mei fan 999 euro dat se frij besteegje koene. Se mochten net sels kieze wêr't se filmen, mar krigen in plak oanwiisd dêr't se twa dagen en twa nachten ferbliuwe moasten.

It meitsjen fan de films is yn gong setten troch New Noardic Wave, in organisaasje dy't besiket it film meitsjen yn Fryslân te stimulearjen. De films giene op tongersdei yn premjêre op it atelierskip De Eestroom dat njonken De Harmonie leit.

Trefwurden: 
film Waad New Noardic Wave
(advertinsje)