Drokke earste dagen foar KNRM Lifeguards op Waadeilannen

De Lifeguards fan de KNRM binne sûnt sneon wer te finen op de Fryske Waadeilannen. Se hâlde dêr oant begjin septimber de swimmers yn 'e gaten en ferliene sa nedich earste help. Yn har earste dagen moasten se al ferskate kearen yn aksje komme.
KNRM rêdingsboat © Shutterstock.com
Sa moasten op Skylge fiif minsken út in mui rêden wurde en op Skiermûntseach moast in jonge swimmer nei de kant brocht wurde, dy't troch de weagen en streaming te fier ôfdreaun wie.

Nije Lifeguards en guon mei ûnderfining

De KNRM set op de eilannen nije Lifeguards yn dy't de ôfrûne moannen in oplieding krigen hawwe. Dêrneist wurde ek Lifeguards mei ûnderfining ynset. Dy kinne ûnder oare wetterscooters bestjoere en ride ek mei de terreinweinen. De KNRM Lifeguards binne te werkennen oan har readgiele klean en materiaal. De gebieten dy't se yn 'e gaten hâlde, binne ôfbeakene mei readgiele flaggen.
Ferline jier kamen de KNRM Lifeguards yn totaal 942 kear yn aksje.