Gjin WK-finale foar Erwin Zeinstra

De Argentyn Néstor Pitana en syn assistinten hawwe snein de lieding oer de WK-finale tusken Frankryk en Kroäsië. Dat betsjut dat assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp normaal wei net mear yn aksje komt op dit WK. Hy moat wol yn Ruslân bliuwe, want hy is reserve yn de finale.
© ANP
Zeinstra kaam dit WK fjouwer kear yn aksje. It team fan skiedsrjochter Björn Kuipers, dêr't Zeinstra diel fan útmakket, moast de pûlwedstriden Egypte - Oerûguay en Brazilië - Kosta Rika yn goede banen liede. Letter hienen se noch de lieding oer de achtste finale tusken Spanje en Ruslân. De kwartfinale Sweden - Ingelân wie har lêste wedstriid.
De WK-finale sil no dus laat wurde troch Néstor Pitana en syn assistinten Hernán Maidana en Juan Belatti. Kuipers is fjirde official. Mocht ien fan de Argentinen blessearre reitsje, dan komt Zeinstra dochs noch yn aksje.