Brânwacht útriden foar brân oan de Prikwei yn Aldeboarn

12 jul 2018 - 19:37

De brânwacht is mei meardere ienheden útriden fanwege in brân oan de Prikwei yn Aldeboarn. Dêr stie in skuorre yn 'e brân mei dêryn auto's en trekkers. De brân wie al gau ûnder kontrôle.

By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht warskôge omwenners dêrom ruten en doarren ticht te hâlden en meganyske fentilaasje út te setten.

Der wienen gjin minsken yn de skuorre. De brânwacht foarkaam dat it fjoer oersloech nei oare gebouwen.

Trefwurden: 
brân Aldeboarn Prikwei
(advertinsje)