Brêge Burdaard docht it wer, boaten kinne wer troch it doarp farre

De Steenhuizenbrug fan Burdaard kin wer betsjinne wurde. Sûnt woansdei wie er stikken en dat betsjutte dat tsientallen boaten der net trochhinne koenen. In diel fan de boaten keas derfoar om om te farren, in oar diel bleau in pear dagen yn Burdaard.
© mapio.net
De pleatslike ûndernimmers wienen der net ûngelokkich mei. Sjoerd Bosgra sit mei syn restaurant It Posthûs flak by de brêge: "It wie fyftich persint drokker as oars. Ek de supermerk hat dizze dagen goed draaid."
Sjoerd Bosgra fan it restaurant yn Burdaard
Stadichoan farre de boaten no fuort. "Der sit wer wat beweging yn", seit Bosgra. Dat betsjut net dat it no wer rêstich is yn it restaurant. "De monteurs dy't de boel makke ha, sitte no by my te iten."

Motor ferfongen

De hydraulyske motor fan de brêge wie der woansdei mei opholden. De monteurs hellen woansdeitejûn de motor út de brêge om te ûndersykjen hoe't dy wer makke wurde koe. Uteinlik is der in bedriuw yn Fryslân fûn dy't noch in wurkjende motor lizzen hie. Dêr binne testen mei útfierd, ek op it plak fan de brêge. Dat slagge allegear en dus koe de stikkene motor fan de brêge ferfongen wurde.