Noardlike studinten moatte sels iepenbier ferfier betelje yn lêste skoalwike

12 jul 2018 - 18:36

Studinten yn it noarden fan it lân moatte yn de lêste wike fan it skoaljier sels harren ferfier mei de trein of bus betelje. Alle Nederlânske studinten kinne mei harren iepenbierferfierkaart fergees reizgje oant 16 july. Nije wike is dy ov-kaart dus net mear jildich. Oeral is it dan fakânsje, útsein yn it noarden.

It stasjon fan Ljouwert Camminghaburen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Mar minister Ingrid van Engelshoven wol de jildichheid fan de fergeze ov-kaart foar studinten net mei in wike ferlingje, seit se op fragen yn de Twadde Keamer. Dat soe te djoer wêze.

Ek lit Van Engelshoven gjin ûndersyk dwaan nei mooglike oplossingen, want alle mooglike oplossingen binne neffens har te djoer. Boppedat soe it "grutte administrative ynspanningen" freegje.

De Deputearre Steaten fan Drinte hienen mei in brief frege om de noardlike studinten in wike langer fergees reizgje te litten. Dat hat dus neat opsmiten.

Trefwurden: 
iepenbier ferfier OV-kaart
(advertinsje)