Famyljehotel Holland Inn yn Wolvegea moat doarren slute

Hotel Holland Inn yn Wolvegea slút ein dit jier syn doarren. De útbaters, de famylje Kromkamp, kinne net libje mei easken dy't de nije eigener fan it gebou opleit. Soarchûndernimmer Estea hat it koartlyn oernaam fan wenningboukooperaasje Woon Friesland.
Hotelbel © Shutterstock.com
De hier giet omheech. Om dat betelje te kinnen moat de prizen fan de hotelkeamers neffens de famylje Kromkamp ferdûbele wurde. Dat is perfoarst net helber, sa seit de famylje. Benammen om't it in lyts hotel is mei net al te lúkse keamers. Yn it hotel wurkje sa'n 50 minsken. Se krije begelieding by it finen fan oar wurk.

Swiere klap

It beslút falt de famylje dreech, seit dochter Jacqueline Zandhuis: "We hebben vandaag iedereen ingelicht. Dat is ons veel zwaarder gevallen dan gedacht. De reacties roepen veel emoties bij ons op." Foar har is it ek in swiere klap. Sy woe it hotel graach oernimme fan har âlden. Neffens Jacqueline Zandhuis is it ferdwinen fan it hotel ek foar Wolvegea in klap: "Er gaat een goed adres verloren waar mensen kunnen eten. Ook sponsoren we diverse clubs en evenementen."
Soarchûndernimmer Estea wol gjin kommentaar jaan op de stap fan de famylje Kromkamp. Ek net oer watfoar plannen oft sy mei it gebou ha. Op 31 desimber is de lêste dei dat it hotel iepen is.