Arriva ferfangt kaartautomaten: tenei kontaktleas betelje

12 jul 2018 - 16:43

Ferfiersbedriuw Arriva is fannewike op stasjons yn Fryslân en Grinslân begûn mei it ferfangen fan alle kaartautomaten, sawol dy fan de NS as de eigen. Der komt ien automaat it stasjon foar werom.

Treinstasjon - Foto: Shutterstock.com

By de nije automaten kinst kontaktleas betelje, mei pin of creditkaart. Betelje mei kontant jild kin net mear. Arriva hat dat beslút naam mei it each op de feilichheid.

De stasjons op it trajekt Ljouwert-Snits-Starum binne as earste oan bar. Op de mominten dat de automaten echt ferfongen wurde, is op dat stasjon gjin automaat beskikber. Minsken mei in OV-chipkaart kinne terjochte by mobile yncheckpeallen. Oare reizgers krije it advys om yn it foar fia ynternet in E-ticket te keapjen.

(advertinsje)