Sietze Schukking stapt út Steatefraksje D66 en giet selsstannich fierder

12 jul 2018 - 15:31

Steatelid Sietze Schukking út Jirnsum stapt út de fraksje fan D66 yn Provinsjale Steaten. Hy giet troch as selsstannich Steatelid oant de ferkiezings yn maart takom jier. Schukking sit sûnt novimber 2017 foar D66 yn Provinsjale Steaten. Hy folge Mark de Roo fan Frjentsjer op. Dy lei it steatelidmaatskip del neidat er spul krigen hie mei de twa oare fraksjeleden.

Foto: D66 Ljouwert

Neffens Schukking wie de gearwurking mei de oare Steateleden fan D66 muoisum. Der wiene neffens him te folle ferskillende persoanlikheden en hy krige fan syn fraksje te min frijheid om syn wurksumheden goed út te oefenjen. No't er selsstannich fierder giet, ferwachtet Schukking syn wurk better dwaan te kinnen.

Under fjoer

Schukking wie de wurdfierder fan D66 dy't mei oare opposysjepartijen in alternatyf plan makke ha oer de takomst it feangreidegebiet yn Fryslân. Mar nei in ynstjoerd stik fan him yn de Leeuwarder Courant oer dy oanpak kaam Schukking ûnder fjoer te lizzen fan de oare opposysjepartijen.

Fraksjefoarsitter Margreet Mulder oer Schukking

"Sit weromjaan"

Fraksjefoarsitter Margreet Mulder fan D66 yn Provinsjale Steaten betreuret it opstappen fan Schukking. It komt foar har as in ferrassing. Se fynt dat jo by mieningsferskillen net út de fraksje stappe moatte. Dêrnjonken hie Schukking syn sit weromjaan moatten oan de partij, sa seit Mulder.

Listlûkerferkiezings

Sietze Schukking die koartlyn noch mei oan de ynterne ferkiezing fan de partij wa't listlûker wurde moat by de steateferkiezings. Hy ferlear dy striid fan Romke de Jong fan De Gordyk.

(advertinsje)