Oan krimp yn Noardeast-Fryslân liket ein te kommen

12 jul 2018 - 15:15

De krimp is foarby yn Holwert. De hûzen wurde ien foar ien ferkocht en der is sels praat fan nije boukavels. En net allinnich yn Holwert giet it goed; yn hiel Noardeast-Fryslân sjocht Bert de Boer fan de Regiomakelaardij yn Dokkum dat de hûzeferkeap oanlûkt.

Foar hiel Fryslân jildt dat der foar it fiifde fearnsjier achter elkoar minder wenningen te keap stean en dy't te keap steane, kostje mear jild. Dat docht bliken út de lêste sifers fan makelersferiening NVM.

Ien fan de ferkochte hûzen yn Holwert - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Mar yn Holwert wurdt sein, dat de groei dêr net allinnich te ferklearjen falt troch de oanlûkende ekonomy en wenningmerk yn de provinsje. Neffens doarpsbelang komt it ek troch in freonegroep dy't der mei elkoar foar kiest om wenten yn eigen doarp te keapjen op te knappen.

De plannen foar Holwert oan See lykje ek in soad ynvestearringen los te meitsjen. Leechsteande hûzen wurde opkocht om der rekreaasjewenten fan te meitsjen. Doarpsbelang hat ek al tsien minsken op in list dy't graach nijbouwe wolle yn Holwert. Mar omdat it formeel in krimpdoarp is, liket dêr gjin romte foar te kommen.

(advertinsje)