Aafke Soet Europeesk kampioene tiidriden ûnder 23 jier

12 jul 2018 - 15:11

Hurdfytster Aafke Soet fan It Hearrenfean hat yn it Tsjechyske Brno goud helle by it Europeesk kampioenskip tiidriden foar rydsters ûnder de 23 jier.

Aafke Soet - Foto: www.orange-pictures.nl

Se hie 33 minuten en 24 sekonden nedich foar de 23 kilometer. Dêrmei hie se mear as in minút foarsprong op de Dútske Lisa Klein. De Tsjechyske Nikola Nosková pakte it brûns.

Soet makke earder dit seizoen ek al yndruk mei ritwinst yn de Healthy Ageing Tour. Ek wûn se it jongereklassemint yn de Baskyske rittekoers Emakumeen Bira, dy't heech oanskreaun stiet.

Trefwurden: 
Aafke Soet hurdfytsen goud
(advertinsje)