Wurkstraffen foar hannelers yn sike jonge hûntsjes

12 jul 2018 - 14:52

In man út Drachten hat in wurkstraf fan 240 oeren krigen, fanwege de hannel yn sike jonge hûntsjes. In man út Ljouwert krige 80 oeren wurkstraf, foar syn oandiel yn de saak.

Deade hûnen yn Holwert - Foto: Plysje Noard-Nederlân

De twa beanen de jonge hûntsjes te keap oan op Marktplaats. Se ferfalsken de faksinaasjeboekjes mei sabeare hantekens en stimpels fan bistedokters. Minsken dy't de hûntsjes kochten, krigen sike bisten. De saak kaam oan it rôljen neidat de plysje in ynfal die yn in loads yn Holwert. Dêr waarden tsientallen ferwaarleazge hûnen fûn. Yn in frieskiste leine ek tsientallen deade hûnen.

Justysje easke twa wiken lyn selstraffen fan tsien en fiif moanne. De rjochter kaam ta wurkstraffen, ûnder oare omdat de twa fertochten bot lêst hân ha fan de protte publisiteit oer de saak.

De fertochten moatte tsien dupearren mear as 8.000 euro skeafergoeding betelje.

(advertinsje)