Gau dúdlikheid oer Thialf

04 nov 2011 - 15:05

Begjin takom jier wurdt dúdlik wat der mei Thialf bart. Dan moat it jild ek rûn wêze. Dat sei deputearre Konst freed by de start fan it NK ôfstannen.

Der binne trije takomstsenario's: renovaasje fan it besteande iisstadion, nijbou op it hjoeddeistige plak of nij bouwe by Sportstad Heerenveen. Dy lêste opsje is de djoerste, 120 miljoen euro. De provinsje hat gjin noed dat de KNSB nei in oar plak sjocht as de plannen foar in nij Thialf ôffalle.

(advertinsje)
(advertinsje)