Stedsskouboarch De Harmonie ferkeapet 50 persint mear kaarten

12 jul 2018 - 13:39

De kaartferkeap foar it nije teäterseizoen fan skouboarch De Harmonie yn Ljouwert is mei in rekôr begûn. It teäter hat al hast 40.000 kaarten ferkocht, dat is goed 50 persint mear yn ferliking mei ferline jier.

De Harmonie - Foto: Shutterstock.com

Meardere foarstellingen binne al útferkocht, lykas dy fan Jochem Myjer en YouTube-stjer Nienke Plas. Dy lêste wie sels binnen tsien minuten útferkocht. Der binne ek al in soad kaarten ferkocht foar de shows fan Fred van Leer, Bert Visscher, Arjen Lubach en de Edwin Evers band.

Mei elkoar binne yn it nije teäterseizoen 360 foarstellingen yn De Harmonie.

Trefwurden: 
Harmonie kaartferkeap
(advertinsje)