Fossylfrije boaten farre yn parade by Nijetrine
De aksje Elfwegentocht-Fryslân Fossylfrij krijt ek in soad reaksjes oer de Fryske grinzen hinne. Sa is yn Oerisel in fossylboateparade organisearre, wêrby't in grut oantal eigeners fan fossylfrije boaten tongersdei fan Ossenzijl nei de Tsjûkemar farre.
Under harren bygelyks in groep boskwachters fan Steatsboskbehear, dy't yn harren natoergebieten yn de Kop fan Oerisel al jierrenlang de ynspeksjes útfiere mei in elektryske boat. Boskwachters út Fryslân fine dit sa'n moai inisjatyf dat se har kollega's út Oerisel al peddeljend yn roeiboaten begroetsje. As alles nei skema ferrint, passearret de boateparade ek Nijetrine.