Noch altyd gjin dúdlikheid oer wynmûne Reduzum

It is noch altyd net dúdlik wat der bart mei de wynmûne fan Reduzum. Heal maaie tsjinne in rjochtsaak fan de gemeente Ljouwert tsjin de provinsje oer in nije mûne foar Reduzum.
doarp Reduzum © Omrop Fryslân
De provinsje wol dat nei tastean, mar Ljouwert stipet it doarp dêrby. De útspraak hie ein juny al wêze moatten, mar de rjochtbank hat noch seis wike útstel frege. De provinsje wol dat der gjin allinnichsteande wynmûnen mear boud wurde op it lân.
Ferfanging fan in besteande mûne as yn Reduzum mei wol, mar it doarp wol graach in gruttere mûne delsette dy't in tsien kear hegere opbringst hat.