Mem en bern mei de auto op de kop yn de sleat

Mem en bern mei de auto op de kop yn de sleat
In mem is mei har trije bern tongersdeitemoarn mei de auto op de kop yn in sleat bedarre. Dat barde foar in wenhûs oan de Stadburen yn Nijlemmer. Omwenners kamen direkt op it ûngelok ôf en hawwe de ynsitters út de auto helle en de helptsjinsten belle.
© Wiegmink Media
Neffens tsjûgen is ien fan de bern mei de mem yn de ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net bekend hoe't se der oan ta binne. Ek is noch net dúdlik hoe't de auto yn de sleat rekke is.