Bannen Fryslân en Malta net wersteld nei besite Malteeske minister

De bannen tusken Fryslân en Malta binne net better wurden nei in moeting tongersdei mei de minister fan Justysje en Kultuer fan Malta, Owen Bonnici.
Sietske Poepjes oer de besite fan Bonnici
De minister wie hjir om antwurd te jaan op fragen oer de moard op sjoernaliste Daphne Caruana Galizia yn oktober 2017. Benammen oer de útspraken fan de direkteur fan Kulturele Haadstêd Valletta ûntstie opskuor. Hy hie in grap op Twitter makke oer de lêste wurden fan de sjoernaliste dy't maffia, fraude en oare praktiken oan de kaak stelde op it eilân. De minister woe dêr no gjin miening oer jaan, útsein dat der frijheid fan mieningsutering is. Hy werhelle in pear kear dat elk rjocht hat op "freedom of speech".
De útkomst wie teloarstellend.
Sietske Poepjes oer de moeting mei Bonnici
Dêrmei is de kjeld net út de loft, seit deputearre Sietske Poepjes. "As ien fan in kulture stifting soks seit oer de fermoarde sjoernaliste, hearsto dan as politikus te sizzen dat it te fier giet? Yn Fryslân hienen we dat wol dien." Poepjes wie wol bliid dat Bonnici yn Fryslân wie: "Goed dat we dizze diskusje yn it iepenbier hân ha mei in man dy't him ferdigenje koe. Mar de útkomst wie teloarstellend. Dat ha ik ek tsjin him sein by it útswaaien."
Owen Bonnici, minister fan Kultuer op Malta
Oer de moard sei Bonnici dat Malta "no stone unturned" litte om dizze "brutal murder" op te lossen. Hy die lykwols gjin ôfstân fan de útspraken fan de baas fan de organisaasje dy't fûn dat it betinkingsplak wol fuort koe. "I believe that a person has the right to say what he believes."
Tjeerd van Bekkum fan LF2018
Hij loopt er in al z'n interviews omheen.
Tjeerd van Bekkum oer Owen Bonnici
Dat wie foar LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum net genôch. "Vrijheid van meningsuiting is niet een dekmantel voor alles. Hij doet uitermate z'n best om echt te zeggen wat-ie vindt. Hij loopt er in al z'n interviews omheen."
Nei de moeting binne LF2018 en V2018 net samar wer 'on speaking terms', seit Van Bekkum. Dan moat Malta earst in stap sette nei in bettere relaasje. "De culturele projecten gaan gewoon door. Maar als directie gaan we niet meer naar Malta, niet naar de afsluiting. En zij niet ook niet naar onze afsluiting, want we gaan dit statement wel stevig overeind houden."
Simone Scheffer oer de besite