Skeafergoeding foar minsken dy't lije ûnder dug-out ûngelok yn Twizel yn 2014

12 jul 2018 - 12:01

Mear as 20 minsken krije in skeafergoeding om't se troch it dug-out ûngelok yn Twizel yn 2014 bot oanslein binne. Se hawwe 'shockschade' oprûn, sa as dat neamd wurdt. Dat hat harren advokaat Liesbeth Poortman bekend makke.

Neffens har is it dreech om te sizzen om hoefolle jild it giet. De fergoeding wurdt somtiden jierrenlang útkeard en kin dêrom mei elkoar wol yn de miljoenen rinne.

Shockskea nijsitem

It ûngelok barde op 21 maaie 2014. Op de fjilden fan fuotbalklub SC Twijzel wie op dy dei in grut kuorbaltoernoai foar basisskoallen. Bern klommen op de dug-out dy't dêrnei ynstoarte. De 10-jierrige Yrsa de Bruin kaam om it libben, fiif oare bern rekken ferwûne. Famyljeleden en omstanners wiene ferslein. Mear as 20 fan harren fregen mei help fan advokaat Poortman om skeafergoeding.

Psychysk lijen

De skeafergoeding is no oan allegear takend. It giet om saneamde 'shockschade' wêrby't belutsenen psychysk te lijen ha fan de skokkende dingen dy't se sjogge. Dat kin wêze dat je net mear wurkje kinne of medyske kosten makke ha. Somtiden giet it om moard.

Sa krige Bauke Vaatstra 40.000 euro om't hy geastlik letsel oprûn hat fan de konfrontaasje mei syn fermoarde dochter Marianne yn de greiden by Feankleaster.

Psycholooch Irma van Steijn yn Fryslân Hjoed oer shockskea

Bot rekke

Yn it gefal fan it dug-out ûngelok hawwe minsken sjoen hoe't bern ûnder de swiere brokstikken leine en der mei muoite ûnderút helle binne. Dat hat se sa bot rekke dat se der noch hieltyd lêst fan ha. Memmen koene faak net wurkje om't se harren bern dy't der by wiene, helpe moasten. De bern krije faak as jong folwoeksene problemen, seit advokaat Poortman.

Foto: Kappers Media

Saakkundige

Opfallend yn de takenning fan de skeafergoeding is de rol fan in saneamde 'bindend adviseur'. Saakkundige professor Akkermans op it mêd fan letselskea is troch alle partijen oanwiisd om in oardiel te jaan. Nei yngreven ûndersyk kaam Akkermans ta de konklúzje dat alle minsken dy't in claim yntsjinne hawwe yn it gelyk steld wurde.

Syn oardiel is definityf. Der komt gjin rjochter mear oan te pas. Advokaat Poortman ferwachtet noch mear skeaclaims fan omstanners, no't dit 'bindend advies' der leit.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Liesbeth Poortman, advokaat

It Iepenbier Ministearje hat ferline jier opdracht krigen fan it gerjochtshôf om de fuotbalferiening SC Twijzel strafrjochtlik te ferfolgjen. De klup soe de dug-out net renovearre ha en net goed kontrolearre ha oft dy noch wel yn oarder wie. Wannear't dizze saak foar de rjochtbank tsjinnet, is noch net bekend.

(advertinsje)