Piet Paulusma: "Kâns op waarmte- of hjitteweach"

De kâns op in waarmteweach wurdt hieltyd grutter. It suden fan it lân komt sels tichtby de earste regionale hjitteweach, meldt waarman Piet Paulusma.
Sinnebrân © Shutterstock.com
Dat bart ûnder rezjy fan orkaan Chris. Dy leit no eastlik fan de Amerikaanske kust en komt snein oan by Skotlân. Boppe Skandinavië ûntstiet dan in hegedrukgebiet. Dat soarget hjir takom wike foar temperatueren fan 25 graden en heger en in soad sinne.
Snein wurdt yn it suden mooglik al de tropyske 30 graden helle. Moandei is it dan 30 of 31 graden.