Eaststellingwerf giet troch mei Kindpakket

12 jul 2018 - 10:54

De gemeente Eaststellingwerf stelt ek dit jier en takom jier it Kindpakket beskikber. Dat jout bern út earme húshâlingen de mooglikheid om mei te dwaan oan bygelyks sportaktiviteiten.

Foto: Shutterstock.com

It Kindpakket makket diel út fan it earmoedebeleid fan de gemeente. De Stichting Leergeld, Jeugdfonds Sport en Jeugdfonds Cultuur fersoargje it pakket. Dizze partijen hawwe woansdei mei wethâlder Marcel Bos in gearwurkingsoerienkomst ûndertekene. Sy ûndersykje no oft it mooglik is om de fergoeding foar swimlessen út te wreidzjen.

It Kindpakket bestiet sûnt 2015 yn Eaststellingwerf. Der is hieltyd mear fraach nei.

"Het is enorm belangrijk dat alle kinderen kunnen meedoen in de maatschappij. Elk kind moet goede kansen krijgen om zich te ontwikkelen op het gebied van leren, sport en cultuur," seit wethâlder Marcel Bos.

Benammen foar sport, frije tiid en skoalle wurdt in berop dien op it Kindpakket. Alden kinne terjochte op ien platfoarm, www.kindpakket.nl. Leararen, húsdokters, buertsportcoaches en maatskiplik wurkers kinne direkt in oanfraach yntsjinje.

(advertinsje)