FIDEO: Gearkomste mei minister Bonnici fan Malta en deputearre Poepjes

Gearkomste mei minister Bonnici fan Malta en deputearre Poepjes
Kultuerminister Owen Bonnici fan Malta wie tongersdei yn Ljouwert. Hy kaam hjir om te praten oer de opskuor tusken LF2018 en de oare Kulturele Haadstêd 2018, Valletta. Dy ûntstie nei oanlieding fan útspraken fan de foarsitter fan Valetta 2018 oer de moard op de Maltese sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. Hy sei ûnder oare dat it monumint foar de sjoernaliste wol fuort koe.
Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân ferbruts dêrom earder dit jier de offisjele kontakten mei Kulturele Haadstêd Valletta 2018. Minister Bonnici die doe it oanbod om nei Fryslân te kommen om deroer te praten, mar oanslutend wegere er kontakt mei deputearre Sietske Poepjes. No komt Bonnici syn tasizzing dochs noch nei.
De gearkomste stie yn it teken fan in 'iepenbiere diskusje oer parsefrijheid'. Ek deputearre Sietske Poepjes wie derby oanwêzich.