Grut tekoart oan opfolgers boerebedriuwen

12 jul 2018 - 10:22

Eigeners fan boerebedriuwen kinne mar dreech in opfolger fine. By hast de helte fan de agraryske bedriuwen is de lieding yn hannen fan in 55-plusser. Sa'n 60 persint fan har hat gjin opfolger paraat, meldt ABN AMRO yn in rapport oer de sektor.

Neffens de bank steane jongeren net te springen om in famyljebedriuw oer te nimmen. Ien fan de problemen dêr't se tsjinoan rinne, is dat der hieltyd minder agraryske bedriuwen binne. Ek de oprinnende grûnprizen spylje in rol. De finansieringskosten binne heech en de bedriuwsresultaten beskieden, seit ABN Amro.

De bank neamt de fergrizing ien fan de wichtichste útdagingen foar de sektor.

Trefwurden: 
boeren opfolging
(advertinsje)