Ferwûne by oanriding yn Drachten

By in ûngelok yn Drachten is tongersdeitemoarn in autobestjoerder ferwûne rekke. In frou soe mei har auto de J.M. Houwenstrjitte ynride, mar moast wachtsje op it trochgeande ferkear.
In oare autobestjoerder kaam achter har stean. In frachtweinsjauffeur seach te let dat de auto's stil stiene en klapte op de achterste wein. De bestjoerder fan dy auto rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. In berger hat de beide auto's fuortsleept.