Brêge Burdaard is stikken; tsientallen boaten lizze te wachtsjen

12 jul 2018 - 10:09

Yn Burdaard is de Steenhuizenbrug sûnt woansdei stikken. Dat soarget foar opûnthâld foar de boatsjefarders.

De hydraulyske motor is dermei ophâlden neffens de brêgewipster. De monteurs ha woansdeitejûn de motor út de brêge helle en no wurdt ûndersocht oft dy makke wurde kin. As dat net mooglik is, moat it brêgetek der mooglik úttakele wurde. Der lizze yntusken tsientallen boaten yn Burdaard te wachtsjen.

Trefwurden: 
brêge Burdaard
(advertinsje)
(advertinsje)