Mear kij rinne bûten yn Fryslân en yn de rest fan Nederlân

Mear kij mochten ferline jier de greide yn. Yn 2017 rûnen lanlik hast 1,2 miljoen melkkij bûten. Dat is goed twatredde fan alle kij en krekt wat mear as it jier derfoar, docht bliken út sifers fan it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek.
© Shutterstock.com
Yn Fryslân rûn 79 persint fan de kij bûten, dat wie yn 2016 77 persint. Benammen by grutte bedriuwen, fan hûndert kij of mear, giene de kij faker it lân yn.
Noard-Hollân is de provinsje dêr't de measte kij bûten rinne, dat gebeurt dêr by 95 persint fan de boerebedriuwen. Flevolân stiet mei 40 persint ûnderoan.