Kollum: "Supergrien"

"Hjoed krije we yn Amsterdam in nije boargemaster, boargemaster Halsema. Of soene we noch altyd Femke sizze meie? De earste frou as boargemaster fan de haadstêd, dat soe tiid wurde, en de earste fan GrienLinks. Feroaringen rûnom! De ried in dizze stêd is ek grien en links. Der binne fiergeande plannen om Amsterdam supergrien te meitsjen. Nije maitiid, nij lûd.
Botte Jellema © Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Trije krêften wurkje der op it stuit mei-inoar op. De nije boargemaster, sa't ik al sei, om te begjinnen. Hoewol't se boppe de partijen stean moat, en de gemeenteried de baas is yn de stêd, sil se fansels ynfloed ha op hoe't it der yn Amsterdam oan ta giet. It twadde is it koälysje-akkoart fan de gemeenteried; noch mar twa moannen âld. It read fan de Amsterdamske Andreaskrusen springt op de foarkant fan dit dokumint oer yn it grien; 'Een nieuwe lente en een nieuw geluid', sa hjit it. It tredde is it klimaatakkoart dat tiisdei presintearre waard troch de klimaatried ûnder lieding fan âld Fryske kommissaris fan 'e Keninginne Ed Nijpels.
Grien, grien, grien. Ik bin der foar. Mar ik ha yn de ôfrûne jierren in hiel soad elektryske apparaten kocht, mei as foarearst hichte- en tagelyk djiptepunt myn jiskefet mei elektryske klep. En al in skoft wol ik hiel graach in gruttere auto ride. Myn grutte auto wurdt dan trouwens krekt sokssawat as dat elektryske jiskefet fan my: ik fyn it hearlik om te hawwen, mar skamje my der ek foar.
Yn Amsterdam wolle se minder auto's yn 'e strjitten hawwe. Amsterdam wol de 'grachtengordel' parkearfrij meitsje; it hert fan de stêd autofrij ha; en auto's sa min mooglik yn wenstrjitten parkearje litte. Autobesit moat minder wurde, mear OV, en dat moat soargje foar mear romte foar fytsers, skjinnere lucht en minder drokte. Prachtich.
Dit is it haadstedlike net wrâldfrjemd. Dit is de takomst foar hiel Nederlân. Yn it klimaatakkoart, foar hiel Nederlân, stiet ek dat we minder mei de auto dwaan moatte. Beide plannen ha gemien dat der radikale feroaringen komme. Mar yn myn reewillige holle spûket by it lêzen fan soks dan dochs de hiele tiid ien wurd rûn: 'HOE?'.
Myn punt is: as ik sis dat 'we' tefolle yn ús auto's stappe, dan hear ik by dy 'we'. En dat makket dit sa yngewikkeld: ik leau net dat ik ûnnedige ritsjes meitsje, mar litte we der even fan útgean dat dit foar de measte minsken jildt. Yn 'e file steand, is it allegearre byinoar dochs tefolle. Myn auto hat fjouwer sitplakken, of no ja, einliks twa, want op de efterbank wolst allinnich sitte ast in hûn bist - sa't ik sei, ik wol in gruttere auto. Mar ik tink dat ik der 95 prosint fan de tiid allinnich yn sit. En in file is wat dat oanbelanget bespotlik: al dy lege stuollen, ynboud yn in swiere wein fan stiel, dy't sa swier is om't er oanridingen mei oare swiere stielen weinen oerlibje moat. Wat in systeem.
Mar we sitte allegearre yn dat systeem, en moat ik no myn auto fuort dwaan yn it foardiel fan de bus? As ik mei it OV nei myn heit en mem yn Skearnegoutum wol, en ik gean om healwei njoggenen fuort, dan bin ik der om kertier oer tolven pas, seit 9292. Mei myn auto kin it yn in oere en in kertier. Ik bedoel: we ha it net oer in Hanzelijn oanlizze wêrtroch'tst tolve minuten gauwer fan Ljouwert nei Schiphol giest. We ha it oer redusearring ta in tredde fan de OV-reistiid, foar it grutste part fan hiel Noard-Nederlân, foardat dit op tiid konkurrearje kin mei de auto.
De klimaatried stelt de saken oer tritich jier sa foar: 'Zorgeloze mobiliteit, voor alles en iedereen in 2050. Geen emissies, uitstekende bereikbaarheid [ ]. Betaalbaar, veilig, comfortabel, makkelijk én gezond.' Ja, dat wol ik fansels ek wol! Mar net mei dy ferrekte bus. Ik wurd wier hin en wer smiten tusken de grutte komfortabele en flugge auto, en de supergriene takomst dêr't ik likefolle sin oan ha. Mar it kin net beide.
Ik wol no noch net fan myn auto ôf, om't de alternativen der noch lang net ree foar binne. Der moat noch hiel wat barre foar in prachtige supergriene nije maitiid en in nij lûd."