Syltraining foar ferstanlik beheinden is primeur op Snitswike

12 jul 2018 - 06:31

In folslein nije kategory dit jier yn de Snitswike-sylwedstriden. Yn de G-kategory nimme minsken mei in ferstanlike beheining it tsjininoar op yn in ynternasjonale wedstriid. It giet om in gearwurking tusken de KWS, de Keninklike Wettersportferiening Snits, en de European Sports for all Games.

Sport for all games

Yn Fryslân hawwe wy it fierljeppen, skûtsjesilen en keatsen. Mar der binne noch in hiel soad oare regionale sporten yn Europa. Dy sporten binne fan 3 oant en mei 7 augustus te sjen op de 'European sport for all games' op ferskate plakken yn Fryslân. Sa is der ek it pandolo út Slovenië, Finnish baseball út Finlân, hurling en Gaellic Football út Ierlân te sjen. Sport for all games is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd.

(advertinsje)