Tsjummearum hat nij fytspaad

11 jul 2018 - 22:38
Foto: Provinsje Fryslân

In nije fytspaad tusken Boer en Tsjummearum moat derfoar soargje dat de omwenners yn de takomst drûge fuotten hâlde. It nije fytspaad is oanlein op in ferhege stikje dyk by de Tsjummearumer Feart del.

De ferheging wie nedich troch de boaiemdelgong yn it gebiet. De delgong wurdt feroarsake troch de sâltwinning fan Frisia Sâlt. It fytspaad is ien fan de saken dy't dien is as kompensaasje foar de skea dy't dat opsmyt. It nije fytspaad wurdt tongersdei offisjeel yn gebrûk naam.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Harkje nei de bydrage

Trefwurden: 
Frisia Sâlt fytspaad
(advertinsje)