Harns wol ûndersyk nei gefolch sluting ôffaloven

Der moat in ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de gefolgen fan sluting fan de ôffaloven fan ôffalferwurker Omrin by Harns. Dat wol de gemeenteried fan Harns. De ried wol dat Omrin de stúdzje betellet.
Harns wol ûndersyk nei gefolch sluting ôffaloven
It ûndersyk moat dúdlik meitsje wat de jurydyske, ekonomyske en finansjele gefolgen binne fan in mooglike sluting fan de oven. De ried wol ek dat sa gau as mooglik wer begûn wurdt mei it mjitten fan de útstjit fan gefaarlike stoffen. It giet dan om de saneamde AMESA-mjittings. It kolleezje fan boargemaster en wethalders fan Harns moat dêr op oantrúnje by de direksje en oandielhâlders fan Omrin.