Grut tekoart oan melkers

11 jul 2018 - 22:28

Der driget in grut tekoart oan melkers yn de melkfeesektor. Der binne mar kwealik minsken te finen dy't parttime oan de slach wolle by de boer. Mei dy warskôging komt agrarysk útstjoerburo AB Vakwerk.

Yn hiel Nederlân binne tûzenen fakatueres. Foar guon boeren is it sa dreech om oan minsken te kommen dat se fan trije kear melken op in dei werom moatte nei twa kear, sa seit in wurdfierder fan AB. Oaren kieze derfoar om help te sykjen yn it bûtenlân en dêr melkers yn te hieren.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Sjoukje Boersma fan AB Vakwerk yn Dokkum tinkt dat de ynset fan mear froulju wolris de oplossing wêze kin. "It melken is faak goed te kombinearjen mei oare aktiviteiten thús lykas bygelyks it húshâlden. Jo hoege allinnich moarns en oan de ein fan de middei oan de slach." En ek foar skoalbern soe it neffens Boersma in moaie kâns wêze. "Dy kinne sa moai wat byfertsjinje, sûnder derfoar skoalle te missen."

Boersma sjoch noch kânsen

Jeanine (15) oan de slach tusken de kij - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Foar de 15-jierige Jeanine van der Meer út Droegeham bied it tekoart oan melkers krekt kânsen. Sy woe graach by de boer oan de slach en hie sels in oprop dien op Facebook. Sy koe telâne by in boer yn eigen doarp, dy't ien dei yn de wike noch wol ien brûke koe. "Ik mei graach wurkje mei kij en wol ûnderfining opdwaan foar myn lettere wurk." Net dat Jeanine letter ek wurkje wol as melker. Se wol graach bistedokter wurde, mar dochs kin dit har helpe.

Jeanine (15) wol wol graach by de boer oan de slach

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Trefwurden: 
AB Vakwerk melkfee
(advertinsje)