Pieter Weening: Ik mis de Tour de France net

11 jul 2018 - 22:25

Pieter Weening fan De Harkema hat woansdei ûnder bar kâlde omstannichheden de fyfde etappe fan de Ronde fan Eastenryk wûn. It wie in berchrit mei oankomst tsjin de flanken fan de Grossglockner, de heechste berch fan Eastenryk.

Ik haw it altyd minder kâld as oaren

Pieter Weening

"Wy moasten earst de Felberntauern omheech. Dat is goed 1600 meter heech. As it de hiele dei wiet is, en do komst mei in wiet pak boppe en dan moatst in ôfdaling yn ride en it is krekt boppe it friespunt, dan is it hartstikke kâld. Ik haw it leau ik altyd minder kâld as oaren. Dêrom lizze dit soart waarsomstannichheden my wol. Dêr moat ik myn foardiel mar út helje."

"De Grossglockner is de heechste pas dêr'tst oerhinne ride kinst, mei auto of fyts. It is, leau 'k, hast 2500 meter. In aardich klimke. Dit is wol de moaiste etappe dy't der sa'n bytsje tusken sit. Ik moat it fan dit soart wedstriden hawwe. As it pear kear per jier goed útpakt, bin ik tefreden."

Dan knalle wy him der mar ris in kear yn

Pieter Weening

"It pakte hjoed allegearre goed út. Oan de foet fan de lêste beklimming fernaam ik al dat it goed gie. Ik tocht: Dan knalle wy der mar ris in kear yn. Ik sjoch wol wêr't it útkomt."

"Dizze earste oerwinning is superbelangryk foar my. De nul is fuortfage. It falt net ta hjoed-de-dei. Wy hawwe in protte jonge knapen yn de ploech dy't allegearre fan de amateurs komme. Foar dat soart jonges falt it net ta om wedstriden te winnen. As wy as ploech in oerwinninkje pakke kinne, meie wy bliid weze. Hooplik is dit it begjin fan mear. Der lizze oant en mei freed kânsen. Dan binne it moaie dagen foar ûntsnappingen om nei de streek te riden. Dêr sille wy ús bêst ek wer foar dwaan."

Ik mis de Tour de France totaal net

Pieter Weening

"Totaal net spitich dat ik net meidoch oan de Tour de France. Yn de lêste fiif dagen binne der wol in stik of fyftjin man nei hûs gien mei brutsen skouderbonken. Alles yn pún en sa. Ik fyn it soart wedstriden dy't ik no doch, ek moai. De Tour is gewoan in sirkus. Der hinget in hiel protte fan ôf. De ploegen binne grut en de druk op de hurdfytsers is hiel heech. Sjochst ek folle mear ûngemakken. En ik haw der sels ek faak genôch riden. Mar ik fyn dit soart wedstriden dy't ik no ryd ek hartstikke leuk. Ik mis de Tour de France net."

Pieter Weening wint etappe Ronde fan Eastenryk

Nochris Pieter Weening

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
(advertinsje)