Thewis Hobma wint mei nij PR de ljepperij fan It Heidenskip

Yn It Heidenskip is woansdei de bêste fierljepwedstriid fan it seizoen oant no ta ljept. Der wiene mar leafst fiif sprongen fan oer de 20 meter. Nard Brandsma, Sytse Bokma sprongen oer de 20 meter en Thewis Hobma die itselde, mar dan mar leafst twa kear. Foar feteraan Hobma is de winnende sprong fan 20.90 in dik nij persoanlik rekôr nei sân jier, want syn foarige fierste sprong datearret fan it jier 2011.
Thewis Hobma © Martin de Jong
Junior Freark Kramer makke mei 19.60 meter de fierste sprong fan it seizoen by de junioaren. Anneke Broersma pakte mei 14.44 meter dochs noch de winst by de froulju.
By de famkes wûn Bente Vlas mei in sprong fan 14.24 meter. De oerwinning by de jonges gie nei Wisse Broekstra. Hy skreau in ôfstân fan 16.16 meter op syn namme.
Thewis Hobma wint mei nij PR de ljepperij fan It Heidenskip