"ROC Friese Poort moat deadline nijbou útstelle"

11 jul 2018 - 21:00

De deadline fan ROC Friese Poort om foar de 20e fan dizze moanne dúdlikens te krijen oer de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet is te koart dei foar Provinsjale Steaten. Dat hawwe de fraksjefoarsitters fan acht fan de tolve partijen oan de bestjoerders fan ROC Friese Poort en SC Cambuur dúdlik makke. It slagget de Steaten gewoan net om foar dy datum in beslút te nimmen oer mooglike provinsjale stipe.

Foto: Cambuur

SC Cambuur en ROC Friese Poort hiene de steateleden útnûge om by te praten oer de stân fan saken. It like de goede kant út te gean doe't de Stadion Ontwikkel Combinatie (SOC) mei boubedriuw Dijkstra Draisma en ûntwikkelder Wyckerveste in akkoart slute mei WTC Beheer oer de ûntwikkeling fan it plan.

Provinsje en gemeente moatte earst oerlizze

De gemeente Ljouwert moat dan wol 11 miljoen euro bydrage oan de oanpassing fan de ynfrastruktuer en it parkearjen. De gemeente hopet dat de provinsje de helte dêrfan bydrage wol. It betsjut dat in beslút net fuortendaliks naam wurde kin. Provinsje en gemeente moatte earst prate en der moat in goed plan komme. In wurdfierder fan ROC Friese Poort stelde earder dêr net op wachtsje te kinnen en dat se foar 20 july dúdlikens hawwe wolle.

"Polityk mei mei de hannen op de rêch"

De steateleden hawwe ROC Friese Poort en Cambuur no oanjûn dat it net slagget dêr sa gau oer te besluten. Wiebo de Vries fan de ChristenUnie seit dat der formeel net in plan leit: "Sûnder in goed plan kin we neat. We fiere no polityk mei de hannen op'e rêch. Der is neat en dêr moat we dan wat oer sizze. Dat kin net." De Vries wol graach gau dúdlik hawwe oft 20 july echt in hurde eindatum is foar it ROC.

Gebietsûntwikkeling

Dy deadline is ek in wichtich punt foar VVD-fraksefoarsitter Avine Fokkens: "Willen ze dat wij als provincie iets gaan doen, dan moet de deadline naar achter." Neffens har moat der in goed plan komme dêr't de ûntwikkeling fan it gebiet sintraal yn komt te stean: "Vraag je de Statenleden nu of we geld over hebben voor Cambuur dan zeggen ze allemaal nee. Maar als het gaat om de gebiedsontwikkeling dan is dat een ander verhaal." Wiebo de Vries fan de ChristenUnie is it dêrmei iens: "Se moatte mei in plan komme dêr't it bopperegionale belang goed yn nei foaren komt."

Avine Fokkens warskôget foar tefolle optimisme: "We gaan een goed plan bekijken. Aan de hand daarvan bepalen we of we ja of nee zeggen. Dus als ROC Friese Poort de deadline gaat verschuiven, is er geen garantie dat de Staten in gaan stemmen met een eventuele bijdrage van de provincie."

Mocht it safier komme dat de provinsje frege wurdt om in finansjele bydrage, dan stimme de Steaten dêr op syn betiidst yn septimber oer.

Avine Fokkens oer it nije Cambuurstadion

Wiebo de Vries oer it nije Cambuurstadion

(advertinsje)