Fryske tradysjes byskreaun yn Inventaris Immaterieel Erfgoed: Sint Piter, fierljeppen en Strontwike

11 jul 2018 - 20:31

De Fryske tradysjes Sint Piter, it fierljeppen en Strontwike, mei dêryn ûnder oare de strontrace, wurde dizze moanne byskreaun yn de Inventaris Immaterieel Erfgoed. Yn dy ynventaris stean sosjale gewoanten, tradysjes, rituelen, foarstellingen, útdrukkingen, bysûndere kennis fan de natuer en ambachtlike feardichheden dy't mienskippen en groepen erkenne as foarm fan kultureel erfgoed.

Immaterieel erfgoed is de schakel tussen heden, verleden en toekomst. Het is cultuur van nu, geeft een gevoel van verbondenheid met vorige generaties en is tegelijkertijd ook toekomstgericht omdat mensen het willen doorgeven aan volgende generaties.

Webside Kenniscentrum Immaterieel Erfgoed Nederland

Op de list stean no sa'n 240 tradysjes. Dat der dizze moanne trettjin yn ien kear byskreaun wurde, is in rekôr. Wa't mei in tradysje op de list wol, kin sels in oanfraach dwaan. Njonken de trije Fryske tradysjes op de list komme ûnder oare ek 1 Aprilviering Brielle, it Midwinterhoornbouwen en de Oprechte Dalfser Moptraditie derop.

(advertinsje)