Harnzer Joël de Jong nei Europeeske kampioenskippen Para Atletyk

Joël de Jong út Harns is selektearre foar it Nederlâns Paralympysk Team dat meidwaan sil oan de Europeeske kampioenskippen. Joël komt út op de 100 meter en de 4x100 meter estafette. Dat hat technysk direkteur Ad Roskam woansdei bekend makke. Yn totaal sitte der njoggentjin minsken yn it team: njoggen froulju en tsien manlju.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De EK Para Atletyk wurde fan 20 oant en mei 26 augustus hâlden yn it Friedrich Ludwig Jahnsportpark yn Berlyn.
"Alle geselecteerde atleten draaien mee in de top van hun onderdeel en klasse", seit technysk direkteur Ad Roskam op webside Atletiek.nl. "Dus is de verwachting dat we als team een mooi resultaat zullen halen! Naast zeer ervaren topatleten als Kenny van Weeghel, Ronald Hertog, Margriet van der Broek en Marlène van Gansewinkel hebben zich een paar opvallend jonge talenten gekwalificeerd, een goed teken in de richting van Tokio 2020".