Drachtster slachthûs opnij beboete

In 40-jierrige eigener fan in slachthûs yn Drachten hat opnij in boete krigen. By in kontrôle, ferline jier yn desimber, die bliken dat de man syn saken net op oarder hie. Dat wie op itselde momint dat er him by de rjochtbank ferantwurdzje moast om't er kij ferwurke dy't ferwûne of siik wiene. Dy saak is doe oanhâlden.
Justysje © Shutterstock.com
De saak fan de Drachtster slachter stie woansdei wer op de rol. Hy ferklearre dat er fuortendaliks nei de sitting fan desimber maatregels naam hat om werhelling foar te kommen. Sa binne der yn de frachtauto's fan transporteurs termometers ynstallearre, sadat de kij better yn de gaten hâlden wurde kinne.
Rjochter Jansen fynt lykwols dat de maatregels te let naam binne. Hy lei de eigener fan it slachthûs in boete op fan 2000 euro plus ien fan 2000 euro ûnder betingst. Foar de âldere saken waard de man wol feroardiele, mar krige er gjin straf. Der wie in boete fan 12.000 euro easke, wêrfan de helte ûnder betingst.