Crone slút wente yn Ljouwert fanwege himpplantaazje

11 jul 2018 - 17:21

Yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren hat boargemaster Crone in wente sluten. It giet om in hûs oan de Jentsjemar.

Yn maart fan dit jier waard yn de wente in himpplantaazje ûntdutsen. Om't it om drugs giet dy't yn de striid binne mei de Opiumwet, hat boargemaster Crone it foech om it hûs te sluten. Crone wol mei dit soarte fan aksjes drugshannel tsjingean en oerlêst yn wenwiken foarkomme.

Trefwurden: 
himp drugs Crone
(advertinsje)