Kuierpaad Omkromte dochs iepenbier: gemeente moat yngripe

It iuwenâlde kuierpaad tusken De Jouwer en Langwar (mei de namme Omkromte) is wol deeglik in iepenbier paad. Dat hat de Ried fan Steat woansdei sein.
© Google Streetview
De útspraak hat as konsekwinsje dat de gemeente De Fryske Marren optrede moat tsjin omwenners dy't stekken of peallen op it paad pleatst hawwe. De gemeente woe dat net en hope dat de Ried sizze soe dat it paad troch ferjierring net langer iepenbier wêze soe.
Mar de Ried stelde yn in definitive útspraak fêst dat it paad de lêste jierren wol deeglik troch kuierders brûkt is, nettsjinsteande de obstakels en buorden dy't troch grûneigeners pleatst wiene. Dat betsjut dat de grûneigeners no alle stekken en peallen fuorthelje moatte en dat sy tastean moatte dat der kuierders by harren troch de achtertún rinne.
De saak wie oanspand troch de feriening Moai Skarsterlân, dy't opkomt foar it behâld en de fersterking fan kuierrûtes yn de gemeente.