Oanskowe by captain's dinner Harns as foarpriuwke foar Tall Ships' Races

11 jul 2018 - 16:42

De grutte sylskippen komme dan pas op 3 augustus nei Harns foar it evenemint Tall Ships' Races, mar yn de havenstêd binne se dizze moanne al dwaande mei allerhanne aktiviteiten om nei it evenemint ta te libjen. Bern fan basisskoallen hawwe spesjale Tall Ships-projekten en Harnzers kinne woansdei oanskowe foar in kapteinsmiel.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Ferslachjouwer Simone Scheffer praat mei de organisaasje en mei gasten

Yn it entrepot-gebou yn de Willemshaven binne ferskate koks dwaande mei it tameitsjen fan in 'captain's dinner'. It kin dêr opiten wurde oan lange tafels. En yn guon âldereintehuzen krije de minsken ek in boardsje seemiel.

Ferslachjouwer Simone Scheffer is by de tarieding foar it kapteinsmiel

In kapteinsmiel bestiet út grauwe earste (kapusiners), spek, hakfleis, sipels en soer, lykas Amsterdamske sipels. De koks krije help fan learlingen fan RSG Simon Vestdijk en fan ynwenners fan it azc fan Sint-Anne. Yn in entrepot-gebou binne tafels klearmakke foar 150 oant 200 iters.

(advertinsje)