Wapens en in hângranaat fûn yn in hûs yn Wyns

11 jul 2018 - 15:27

De plysje hat tiisdeitejûn yn in hûs yn Wyns acht wapens yn beslach naam. Ek waard munysje en in hângranaat fûn.

Op dit stuit wurdt der ûndersyk dien nei de ôfkomst fan de wapens en oft se echt binne. De eksplosivetsjinst fan Definsje hat de granaat op in feilich plak ta ûntploffing brocht.

De plysje hat in 65-jierrige man oanhâlden fanwege de fynst, nei him wurdt fierder ûndersyk dien.

Trefwurden: 
Wyns wapens munysje hangranaat
(advertinsje)