Brânwacht foarkomt dat túnbrân yn Harns oerslacht

Yn Harns hat woansdeitemiddei brân west yn de achtertún fan in hûs oan de Jan Rudolf Thorbeckestrjitte.
Mooglik is besocht om dêr ôffal te ferbrânen en is it fjoer doe oerslein nei in hage en in skutting. De brânwacht hat it fjoer útmakke en koe foarkomme dat it fjoer oersloech. Buertbewenners sizze dat der al earder brân west hat yn de achtertún fan de wenning. De plysje docht ûndersyk.