Wetterskip ynstallearret sinnepanielen op wettersuveringen

11 jul 2018 - 14:43

Op in pear fan de wettersuveringen fan Wetterskip Fryslân wurde takom jier sinnepanielen pleatst. It wetterskip wol oer twa jier meielkoar 40 persint fan syn enerzjy op duorsume wize opwekke. De plannen foar sinnepanielen by de wettersuveringen passe by dy ambysje.

Wetterskip Fryslân - Foto: Wetterskip Fryslân

It wetterskip keapet en ynstallearret 35.000 sinnepanielen. Dat kostet 15 miljoen euro, mar it wetterskip hat ek subsydzje oanfrege en dêrtroch kin it projekt budzjetneutraal útfierd wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)