Pieter Weening wint etappe yn Eastenryk

11 jul 2018 - 14:38

Pieter Weening fan De Harkema hat woansdei de fyfde etappe fan de Ronde fan Eastenryk wûn. It giet om in berchrit mei oankomst tsjin de flanken fan de Grossglockner, de heechste berch fan Eastenryk.

Foto: ANP

Weening kaam nei in solo allinne oan. Op 48 sekonden einige de Rus Aleksander Foliforov as twadde, op 1.10 waard de Italiaan Simone Sterbini tredde.

De Belch Ben Hermans, sânde yn de ritútslach, behâldt de liederstrui.

Trefwurden: 
hurdfytsen Pieter Weening
(advertinsje)