Fries Museum ferwachtet hast 100.000ste besiker foar Escher

11 jul 2018 - 14:28

De útstalling 'Escher op Reis' yn it Fries Museum yn Ljouwert is al hast ta oan syn 100.000ste besiker. Dat is kwealik alve wiken nei de iepening. It museum seit dat foar dy 100.000ste besiker in orizjinele print fan Escher klear leit.

It Fries Museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Om wat foar wurk it giet, wol it museum noch net sizze. De útstalling 'Escher op reis' waard op 28 april iepene. Fuortendalik wie der al grutte belangstelling. Dêrom binne de iepeningstiden ferromme. It museum is yn july en augustus ek op moandeitemiddei iepen.

Maurits Cornelis Escher waard berne yn Ljouwert. De útstalling lit sjen hoe't hy fan grafysk talint útgroeide ta in wrâldferneamde keunstner. Yn it museum binne mear as 80 orizjinele printen te sjen, mar ek tweintich tekeningen en ferskate foto's.

(advertinsje)