Sinneparken by Wurdum en Wytgaard geane net troch

11 jul 2018 - 14:27

Ynwenners fan Wurdum en de doarpsferieningen Wurdum-Swichum en Wytgaard hawwe fan de Ried fan Steat gelyk krigen yn it ferset tsjin de plannen foar grutte sinneparken by Wurdum en Wytgaard.

Dat betsjut dat der gjin sinneparken mear komme kinne yn Nieuw Stroomland, it gebiet súdlik fan de Heak om Ljouwert. De gemeente woe dêr de oanlis fan ferskate grutte sinneparken tastean.

Neffens de Ried fan Steat hat de gemeente neilitten de omfang fan dizze sinneparken fêst te lizzen. Ek kinne de parken te fier it bûtengebiet yn stekke. De doarpen waarden foarich jier konfrontearre mei it plan foar de oanlis fan in grut sinnepark by Wurdum. Doe't bliken die dat der net genôch draachflak ûnder de befolking wie, is de oanfraach hjirfoar ynlutsen.

(advertinsje)