UPDATE: Frou (76) komt om by ûngelok op N357 by Marrum

11 jul 2018 - 14:00

By it ûngelok op de N357, de Ljouwerterdyk, is woansdei in 76-jierrige frou út Marrum om it libben kommen. Der wie in botsing tusken in auto en in frachtwein. Se is op it plak fan it ûngelok ferstoarn.

Foto: Wiegmink Media

Ferkearsspesjalisten dogge ûndersyk nei de tadracht. De helptsjinsten wienen manmachtich útriden. Ek de traumahelikopter wie oproppen, mar waard letter ôfsein.

(advertinsje)