Fryske hoareka hat grut ferlet fan personiel

De Fryske hoareka hat in grut ferlet fan personiel. Fakatueres kinne net opfolle wurde, wêrtroch't guon saken sels dagen ticht moatte. Oare saken dy't har iepeningsoeren útwreidzje wolle, moatte dêrfan ôfsjen om't se gjin nije meiwurkers krije kinne.
Bestek © Shutterstock.com
Toeristesintra rûnom Ljouwert neame de Kulturele Haadstêd as ien fan de oarsaken. Yn it ramt fan 2018 is it tal hoarekasaken enoarm tanommen. "Ek dy kinne hast net of mei muoite personiel fine. En we fiskje allegear yn deselde fiver", seit eigener Timo Slump fan it Theehuis yn Grou. "Op in bepaald stuit hâldt it dan op".
Harkje nei de bydrage