Harksit oer Kallemooifeest op Skiermûntseach

11 jul 2018 - 12:01

Kommende freed is yn it gemeentehûs fan Skiermûntseach in harksit oer it Kallemooifeest op it eilân. De harksit is oanfrege troch it Comité Dierennoodhulp, mei út namme fan ferskate bistebeskermingsorganisaasjes. De klups meitsje beswier tsjin de fergunning dy't boargemaster Ineke van Gent joech oan de Stichting Folkloristisch Pinksterfeest.

Foto: Omrop Fryslân

It giet Dierennoodhulp benammen om de hoanne dy't trije dagen yn in koer opsluten wurdt en op 18 meter hichte yn in mêst hinget. Se ha in fersyk by de gemeente yntsjinne om de kamerabylden, dy't yn de koer makke binne, te krijen. De gemeente hat hjir oant no ta net op reagearre. De bistebeskermers binne al jierren dwaande om in ein te meitsjen oan de tradysje, oant no ta sûnder sukses. Neffens de organisaasje wurdt der goed foar de hoanne soarge en hâldt in bistedokter alles goed yn de gaten. Se binne fûl tsjin op in ferbod.

(advertinsje)
(advertinsje)