Bern yn Parregea krije les fan sterkste man Wout Zijlstra

Gewichten heechgoaie, wiskyfetrôlje en toulûke: bern fan CBS De Paadwizer yn Parregea wiene der woansdeitemoarn mar drok mei, want de Highland Games wiene dêr. Under lieding fan de sterkste man fan Nederlân, Wout Zijlstra, wurken de bern in hiel programma ôf.
Bern yn Parregea krije les fan sterkste man Wout Zijlstra
Zijlstra giet mei syn soan, Wout junior, tal fan basisskoallen yn de provinsje del om elkenien waarm te krijen foar de European Sports for All Games dy't begjin augustus plakfine sille.
Se sille woansdei ek noch nei CBS It Finster yn Warkum.
Bauke Deelstra wie by de clinic